Keninklike ûnderskieding foar Emy Kamminga-van Sandick

© ANP
De lokaasjemanager fan it SeniorWeb Súdwest-Fryslân yn Balk is sneontemiddei keninklik ûnderskieden. De hast 85-jierrige Emy Kamminga-van Sandick is al sûnt de oprjochting, tweintich jier lyn, aktyf foar it SeniorWeb. Dat is in organisaasje dy't âlderen thús makket yn de digitale wrâld.
Frou Kamminga jout ûnder oare sels kursussen, mar is ek op oare manieren aktyf yn de organisaasje. Se krige de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. Dat wie by in feest fanwegen it 20-jierrich bestean.