Theo Faber fan AmelandEén: 'Eigenlijk is iedereen lid'

24 mrt 2018 - 14:17

By ferkiezingen foar de gemeenteried ôfrûne woansdei wie de nije partij AmelandEén in grutte ferrassing. Se waarden fierwei de grutste partij mei fiif sitten. In dúdlik teken fan de kiezers op It Amelân: it moat oars.

AmelandEén is in saneamde 'multispeed' partij. Dat betsjut in partij mei en sûnder leden. De leden binne de minsken mei in rol yn de partij, de net-leden binne alle Amelanners. "Wie een politieke inbreng wil leveren die kan dat doen op de openbare partijvergadering, dus eigenlijk is iedereen lid", seit listlûker en inisjatyfnimmer fan de partij, Theo Faber.

It sit yn it bloed

Theo Faber is gjin ûnbekende yn de eilanner polityk. Earder makke hy al twa ferkiezingen mei doe't hy yn 'e ried siet foar it CDA. Hy hat CDA-genen, pake Faber siet mear as 40 jier yn it bestjoer fan dy partij, dus wie dy kar logysk. "Nee, zij vroegen mij toen, en het was een mogelijkheid om te onderzoeken of het wat voor mij was". En it die bliken dat it sa wie: hy fielt him yn de polityk as in fisk yn it wetter. Mar hy wol ek fernije en dat slagget net. As er sjocht dat nei de ferkiezingen yn 2014 dat wer net slagget, stapt er teloarsteld út de CDA en út de polityk.

Nije mooglikheden

Oardel jier lyn begjint it politike bloed dochs wer te borreljen: Nije ferkiezingen, nije mooglikheden. Faber fernimt dat der mear Amelanners binne dy't fernije wolle en set mei in wurkgroep fan acht minsken útein, alle fjouwer doarpen binne deryn mei twa persoanen fertsjintwurdige. Yn augustus wurdt hûs oan hûs in krantsje besoarge mei dêryn 18 stânpunten en seis haadtema's dêr't de partij de kommende 20 jier mei dwaande wol. It fertrouwen yn de nije partij groeit en Faber seit nei fjouwer jier syn baan as parkmanager op in grutte camping op.

Dat se de grutste wurde soene, dat fielde hy wol oankommen, mar fiif fan de alve sitten wie fier boppe de ferwachting. "It initiatief ligt nu bij ons, dat is duidelijk. Er wordt wat van ons verwacht."

In wiidweidich petear mei Theo Faber snein yn Buro de Vries.

Trefwurden: 
Buro de Vries Ferkiezingen
(advertinsje)