Langere reistiid tusken Ljouwert en Meppel

Wa't dit wykein mei de trein tusken Ljouwert en Meppel reizgje wol moat rekken hâlde mei in langere reistiid. Der ride gjin treinen mar bussen tusken Ljouwert en Akkrum. Dat hat te krijen mei wurk oan de spoarbrêge by Ljouwert. Dêrneist is ek de tsjinstregeling fan Akkrum ôf wat oanpast. Dat betsjut dat je in kertier oant healoere langer ûnderweis binne.
Ek it skipfeartferkear hat lêst fan it wurk. De seinen by de brêge steane op read, en der is gjin betsjinning mooglik.