Opnij goud op it WK yn Rio foar Alyda Norbruis

24 mrt 2018 - 12:41

Parahurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp hat trije gouden medaljes yn 'e wacht sleept by de wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen yn Rio de Janeiro yn Brazilië. Se wûn freed har twadde goud op de 500 meter tiidrit en har tredde goud op de scratch. Tongersdeitejûn wûn se ek al goud op de trije kilometer achterfolging.

Utsûnderlike prestaasje

It is foar de twadde kear dat se op in WK trije gouden medaljes binnen hellet. Sels hat se nei lang neitinken der wol in ferklearring foar dat se dizze útsûnderlike prestaasje delsette koe: "do komst as sporter úteinlik wol yn in flow. Ast in toernoai minder begjinst dan moast mei dyn kop goed sterk wêze om dêr dysels wer út te lûken. Ik hie it gelok dat ik der no fuort goed yn siet, en dan besikest dy flow sa goed mooglik fêst te hâlden en troch te setten fansels." En dat is mei trije gouden medaljes goed slagge. Norbruis bliuwt noch eefkes yn Rio om ek de oare sporters, lykas Tristan Bangma, noch oan te moedigen.

(advertinsje)