Tal blombollekwekers nei jierren fan delgong wer tanaam

24 mrt 2018 - 11:31

It tal bedriuwen yn Fryslân dat yn de iepen loft blombollen teelt is it ôfrûne jier flink tanaam. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Yn 2016 stie de teller op 22 bedriuwen, ferline jier binne dêr trettjin by kaam. De measten fan har ferbouwe tulpen, mar ek leeljes binne populêr. De Fryske Marren is mei hast 200 hektare de gemeente mei de measte blombolleteelt fan Fryslân, folge troch It Hearrenfean.

Dat der wer groei sit yn de sektor is opmerklik te neamen. Sûnt 2000 gie it tal bedriuwen dat blombollen ferboud benammen nei ûnderen.

Trefwurden: 
blombollen kwekerij
(advertinsje)