Fryske provinsjale diken gefaarliker as gemiddelde yn NL

24 mrt 2018 - 11:18

Op fjouwer provinsjale diken yn Fryslân is de kâns op in ûngelok grutter as it lanlik gemiddelde. Dat docht bliken út in ûndersyk fan RTL Nieuws. Dat hat in fergelyk makke fan alle ryks- en provinsjale diken yn Nederlân. De fjouwer diken yn Fryslân binne de N358 fan Fryske Peallen nei Holwert, de N359 fan Deinum nei De Lemmer, de N393 fan Stiens nei Harns en de N979 fan Leek nei Haulerwyk. Op dy lêste dyk is neffens RTL Nieuws de kâns op in ûngelok it grutst.

De feilichheid op de diken kin neffens it ûndersyk allinnich ferbetterje as de provinsjes der mear jild yn stekke. 

(advertinsje)