Kollum: "Maitiid, op lêst fan de provinsje"

24 mrt 2018 - 08:42

"Dizze wike gie neffens de kalinder de winter fan 2017/2018 de skiednisboeken yn, en begûn de maitiid. It earste fearnsjier is al hast wer om. Op twitter kaam ik in aardige tweet tsjin:

'Vanmiddag om 17:15 uur gaat de lente officieel van start! Het mag nou weleens afgelopen zijn met de kou en harde wind. Laat het mooie weer maar komen. Dit lammetje is er klaar voor, jij ook? #lente #fryslân'

Op himsels net sa frjemd, je komme in soad tweets tsjin dêr't in foto fan in jong laam op stiet en der binne in soad minsken dy't de nije maitiid moai fine. Mar dizze tweet wie net fan ien persoan, nee, dizze tweet kaam fan de provinsje Fryslân. It provinsjebestjoer fynt dus dat de kjeld en de hurde wyn no wol fuort meie. Oars sette je dat net online. 

Ik fûn dat opmerklik en ek wol humor. Eins moast ik der bot om laitsje en frege op twitter oft dit berjocht in provinsjaal stânpunt wie. Je ferwachtsje fan de provinsje tweets oer besluten dy't naam binne, of dat der net mear fearn wurde mei omdat der froast ferwachte wurdt. Oer sirkulêre ekonomy, busferfier, duorsum ûndernimme, nijs oer slûzen, sinneparken en mear fan datsoarte saken. Statige tweets mei nijs dat der ta docht. En dus net dat se fine dat it waar oars moat. Want ja, dêr hawwe se net in protte ynfloed op.

Dus dan soe ik graach antwurd op de fraach hawwe wolle: Wa soe dy tweet skreaun en twittere hawwe? Soks fyn ik fassinearjend. Is it in amtner dy't miende dat it maitiid wie en dus mei te min klean oan nei it wurk fytst wie en ferklomme syn of har winsk op moai waar de wrâld yn slingere? Of ien dy't ûnderweis op slach fereale rekke op in pear lamkes dy't yn de beripe greiden omhipten? Je witte it net en dat is jammer. 

Mar ik bin wol foar mear fan dit soarte tweets fan de provinsje. As in provinsje-amtner moarns foar it wurk, middenyn in bult hûnestront trapet, mei dy persoan syn of har ûnnocht best op twitter sette.

'Op wei nei it wurk yn in drol stapt. Der binne rûnom fergees reade pûdsjes te finen foar dy hûnestront. Brûk dy en hâldt Fryslân skjin. #Shitinthemorning #houhetschoon #ProvinsjeFryslân'

Mei in foto fan de betreffende skoech der by. Prachtich. Ticht by de minsken. De ôfrûne wiken hawwe we fan in soad politisy heard hokker plannen se hawwe. No't de stofwolken fan de gemeenteriedsferkiezings stadich delsakje sille we alle tweets dy't sy produsearre hawwe ek op wearde skatte kinne. Want der wurdt in soad tasein yn ferkiezingstiid. As de kolleezjes aanst foarme binne, sil dêrfan in hiel oantal punten net realisearre wurde kinne. Wy polderje en dus is it jaan en nimme. It soe moai wêze as der in partij wie dy't de moed hie om dat ek op twitter te setten. Bygelyks sa:

'We hebben als ... in de verkiezingscampagne ingezet op belastingverlaging. Door het ambitieniveau van de plannen van het nieuwe college en de kosten die daarmee gemoeid zijn, moet dat streven helaas in de koelkast. #transparant #eerlijkduurthetlangst'

Ik bin benijd."

(advertinsje)