"Acht minuten een wedstrijd in handen hebben is te weinig"

It wie in spektakel. Mar wol ien mei de ferkearde ôfrin foar Sportklup Cambuur freedtejûn yn Sittard. Nei't de Ljouwerters al yn tsien minuten in 2-0 foarsprong op it skoareboerd set hiene, joegen se it ek like hurd wer fuort. Yn de twadde helte koe de thúsploech sels noch it winnende doelpunt meitsje.
"De eerste tien minuten waren prima, we speelden agressief naar voren en we maakten twee goede goals." Sa analysearre trainer René Hake fuort nei ôfrin fan de wedstriid. "Maar door naïef uitstappen creëren wij eigenlijk de schietkans voor Fortuna die er meteen invliegt." De strafskop dy't Fortuna al frij fluch nei de 2-1 krijt, wurdt der ek nochris ynsjitten, "en dan hebben we na twintig minuten spelen vier goals gezien. Ik dacht, waar gaat dit heen?"
Acht minuten net genôch
De omkear yn de wedstriid foar Fortuna wie lykwols gjin ferrassing foar Cambuur ferdigener Robbert Schilder. "We stonden veel te ver uitelkaar, en dat is eigenlijk de hele wedstrijd niet goed gekomen." Ek trainer Hake seach dat syn ploech it net yn 'e macht hie. "De wedstrijd kantelde en ik vind dat wij daar onvoldoende in meegingen, waardoor we de eerste fase, waarin wij het goed deden, weggaven." Ferdigener Matthew Steenvoorden is it dêryn mei syn trainer iens. "Als je acht minuten een wedstrijd in handen hebt is dat veel te weinig natuurlijk."
In tik
It ferlies by Fortuna wie wol in tik foar de klup, benammen om't Cambuur de punten wol brûke kin yn har striid om in plakje by de play-offs, sa fynt Hake. "Dit komt zeker hard aan, met name omdat ik vind dat wij niet goed reageerden na de 2-0. We hadden de kans om stiekum nog met een punt weg te gaan, maar dan moet die bal er wel in."
De kommende tiid moatte de Ljouwerters noch oan de bak. Volendam, Eindhoven, Den Bosch en Jong AZ steane de kommende wiken op it programma. Steenvoorden: "We krijgen nu twee keer een dubbel weekend, die twee thuiswedstrijden die er aankomen die moeten we wel winnen."