Noppert wint earste partij yn de European Darts Open

Danny Noppert (argyffoto) © Omrop Fryslân, Mats Gies
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat freedtejûn syn earste partij op de European Darts Open yn Leverkusen wûn. De 27-jierrige darter wûn mei 6-4 fan de Nederlanner Jeffrey de Zwaan. Noppert kaam mei 2-0 achter, mar begûn doe wat better te smiten. Konstant wie de wedstriid fan beide manlju lykwols gjin momint. Dochs pakte de Jouster mei in gemiddelde fan goed boppe de njoggentich de oerwinning.
Sneontemiddei spilet Danny Noppert syn wedstriid yn de twadde ronde. Dêryn nimt er it op tsjin Ingelskman Joe Cullen.
Noppert makke freedtejûn syn debút op it poadium fan de European Tour fan de PDC. In dei earder pleatste hy him fia it kwalifikaasjetoernoai yn Leverkusen.