Foarstel foar nije derogaasje fan twa jier

23 mrt 2018 - 23:30

De Europeeske Kommisje stelt foar om de derogaasje foar Nederlânske boeren mei twa jier te ferlingen. Derogaasje is it rjocht foar boeren om mear stront út te riden as it gemiddelde yn de Europeeske Uny. Oan de nije útsûndering sitte deselde betingsten dy't no ek jilde. Oer it foarstel foar de nije derogaasje wurdt op 4 april stimd troch it Nitraatkomitee fan de Europeeske Kommisje. Pas nei dy stimming wurdt dúdlik oft de nije derogaasje in feit is.

Dongfraude

Normaal sprutsen jout de Europeeske Kommisje in derogaasjeperioade foar fjouwer jier. Dat Nederlân no mar twa jier krijt, komt troch de dongfraude dy't yn Nederlân oan it ljocht kaam. De Europeeske Kommisje wol dat de Nederlânske oerheid de boeren de kommende tiid stranger kontrolearret op it neilibjen fan de dongwetjouwing. Nederlân moat dêr de kommende tiid geregeld oer rapportearje.

LTO posityf

Boere-organisaasje LTO reagearret posityf op it foarstel foar de nije derogaasje. "Over twee jaar hebben we weer een nieuwe kans. We moeten nu als sector laten zien dat we fraude kunnen tegengaan en meer ruimte verdienen", seit wurdfierder Wim Meulenbroeks.

Trefwurden: 
derogaasje dongfraude
(advertinsje)