Drachtster Boys pakt belangrike punten yn Fryske derby

Avanti en Drachtster Boys earder dit seizoen © www.dijksfotografie.nl
De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe de Fryske derby fan Avanti út Stiens mei 3-2 wûn. Dat smyt de Drachtsters trije belangrike punten op, want se bliuwe mei noch ien wedstriid te gean op it fjirde plak stean yn de earedifyzje. De top fjouwer pleatst him foar de play-offs.
Yn Drachten sette Esther van Toledo de thúsploech op foarsprong. Har lob waard troch in spiler fan Avanti fan rjochting feroare. Avanti rekke yn de saaie earste helte in kear de peal.
Rezjy yn hannen
Nei it skoft kaam Avanti op gelikense hichte. Si Shut Hau makke de lykmakker. Dêrnei naam Drachtster Boys de rezjy wer yn hannen. Van Toledo makke har twadde goal en Jessie Prijs soarge foar de 3-1. Nei in eigen goal fan Sieta de Vries waard it noch even spannend, mar tichteby kaam Avanti net.
Lêste wedstriid
Oer twa wiken binne de lêste kompetysjewedstriden. Avanti moat dan thús tsjin Os Lusitanos. Drachtster Boys spilet yn Zwaag tsjin Hovocubo. By winst pleatse de Drachtsters harren foar de play-offs.