Mooglik oplossing foar tekoart Blokhúspoarte?

24 mrt 2018 - 05:58

Der is mooglik in oplossing foar it tekoart fan de ferbouwing fan de Ljouwerter Blokhúspoarte. Direkteur Arno Boon fan eigener BOEi sil de riedsleden fan de gemeente Ljouwert dêr kommende tiisdei in fraach oer foarlizze. Hokker fraach oft dat is, wol er no noch net kwyt, mar wól dat it de mienskip gjin ekstra jild kostje sil.

Boon wie freedtemiddei yn Ljouwert fanwege de offisjele iepening fan de nije Ljouwerter bibleteek dbieb, ien fan de grutste hierders fan it kompleks. Dat kompleks is noch net folslein ôf, mar it wurk dêroan is stillein, omdat it jild op is. Dêrom kin ûnder oare de kapel, in belangryk ûnderdiel fan dbieb, net yn gebrûk naam wurde. No tiisdei moat dus dúdlik wurde hoe't it komt mei it ôfmeitsjen fan de ferbouwing fan de Blokhúspoarte.

Trefwurden: 
Blokhúspoarte boei
(advertinsje)