Hartthijs de Vries slút weromkear yn profsirkwy net út

23 mrt 2018 - 22:26

"De kâns dat ik weromkom as prof is oanwêzich." Dat sei hurdfytser Hartthijs de Vries freed yn Fryslân Hjoed. De Vries besleat in oantal moannen lyn om op te hâlden as profesjoneel hurdfytser, om't er lêst hie fan hertklachten. Dy klachten lykje no ta te fallen en De Vries hat as amateur alwer in oantal wedstriden riden.

Hartthijs de Vries fertsjinne yn septimber foarich jier syn earste profkontrakt by de hurdfytsploech Roompot. Dat kontrakt ferskuorde er gau dêrnei dus alwer, fanwege de problemen mei syn hert. Oft er wer weromkomme kin by dy ploech, wit er net. "Ik ha gjin tasizzing dat ik wer weromkomme kin. Ik wit ek hoe min profplakken oft der binne en hoe grut de stap is fan de amateurs nei de profs. Dêr bin ik my wol fan bewust." Dochs hat De Vries der wol fertrouwen yn dat in weromkear yn it profsirkwy mooglik is. By de earste amateurwedstriid dy't er wer ried, de klassiker fan Grinslân, waard De Vries tredde.

(advertinsje)