Robbert Schilder bliuwt by Cambuur, njoggen oare spilers net

23 mrt 2018 - 22:16

Oanfierder Robbert Schilder bliuwt by SC Cambuur. De Ljouwerter klup hat de opsje yn it kontrakt fan Schilder ljochte. Schilder is op it stuit dwaande oan syn twadde seizoen foar Cambuur.

Ofskied fan njoggen spilers

Fan njoggen oare spilers nimt Cambuur ôfskied. De klup ferlinget de kontrakten fan Erik Cummins, Kenny Teijsse, Martijn van der Laan en Furdjel Narsingh net. Yn kontrakten fan Noureddine Boutzamar, Danny Bakker, Jesse Bertrams, Jurjan Mannes en Darren Rosheuvel siet noch in opsje, mar dy ljochtet Cambuur net. Oangeande Rosheuvel hâldt Cambuur noch wol in slach om 'e earm.

Van Deelen, Barto en Houtkoop

De klup is mei Jordy van Deelen yn petear oer kontraktferlinging. Letter sil Cambuur ek noch prate mei Martijn Barto en Xander Houtkoop oer in langer ferbliuw.

Karim Rossi

Cambuur is der noch net út wat se mei Karim Rossi sille. Hy is dwaande mei syn refalidaasje nei in blessuere.

(advertinsje)