Ferlies foar Cambuur nei spektakelstik yn Sittard

23 mrt 2018 - 21:57

SC Cambuur hat freed gjin punten meinimme kind út Sittard. Yn in spektakulêre wedstriid wie Fortuna Sittard mei 3-2 te sterk. De Ljouwerters stienen al binnen tsien minuten mei 0-2 foar, mar noch gjin tsien minuten letter stie it alwer gelyk. Yn de twadde helte skoarde allinnich Fortuna noch. Lisandro Semedo skoarde trije kear foar de thúsploech.

Op roazen

De Ljouwerters liken nei tsien minuten op roazen te sitten. Matthew Steenvoorden skeat yn de fiifde minút de 0-1 efter Fortuna-keeper Aykut Özer nei in knappe foarset fan Daan Boerlage. Fjouwer minuten letter joech Alvin Daniels in strakke foarset en ferdûbele Ricardo Kip de skoare.

Al gau wer lyk

Lisandro Semedo brocht Fortuna Sittard lykwols al gau werom ta 1-2. Hy koe frij sjitte en passearre Erik Cummins. Wer in pear minuten letter krige Fortuna in ideale kâns op de lykmakker. Skiedsrjochter Rob Dieperink seach hands fan Sai van Wermeskerken en wiisde nei de stip. Semedo makke syn twadde goal fan alve meter ôf.

It spektakel wie noch net dien, sa krigen beide teams noch kânsen foar it skoft. Skoard waard lykwols net mear yn de earste helte.

Twadde helte

En ek yn de twadde helte bleaunen de kânsen kommen foar de twa ploegen. Martijn Barto koe in foarset fan Daniels net promovearje ta goal en oan de oare kant koe Cummins in skot fan Semedo noch krekt fan de line helje.

Noch in penalty

Fortuna waard wat sterker. Cambuur hold it lang fol, mar tweintich minuten foar tiid krige de thúsploech op 'e nij in penalty. No wie it Daniel Crowley dy't hands makke. Semedo skeat wer raak.

De grutste kâns yn de slotfaze wie foar Issa Kallon. Flak foar de goal skeat er lykwols heech oer. De bal foel dêrnei noch wol in kear efter Özer yn de goal, mar dat krige net de goedkarring fan Dieperink. Steenvoorden makke in oertreding.

Fortuna Sittard - SC Cambuur 3-2 (2-2) 5. Matthew Steenvoorden 0-1, 9. Ricardo Kip 1-1, 11. Lisandro Semedo 2-1, 18. Lisandro Semedo 2-2 (strafskop), 71. Lisandro Semedo 3-2 (strafskop)

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Jordy van Deelen, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Sai van Wermeskerken (80/Kevin van Kippersluis); Ricardo Kip, Daniel Crowley, Daan Boerlage; Alvin Daniels (73/Issa Kallon), Martijn Barto, Justin Mathieu (59/Xander Houtkoop)

(advertinsje)