Sander de Rouwe ynformateur yn De Fryske Marren

© Omrop Fryslân, Karen Bies
Deputearre Sander de Rouwe sil de kommende wike optrede as ynformateur by de kolleezjefoarming yn de gemeente De Fryske Marren. CDA-listlûker Luciënne Boelsma hat Sander de Rouwe hjirfoar frege. It CDA waard woansdei de grutste partij by de ferkiezings yn De Fryske Marren en nimt sadwaande it inisjatyf by de kolleezjefoarming.
De Rouwe sil moandei begjinne mei ferkennende petearen mei de listlûkers fan de njoggen partijen yn de ried fan De Fryske Marren. De ynformateur wol yn dy petearen de mooglikheden ûndersykje dy't liede ta in kolleezje mei foldwaande draachflak en oanslutend advisearje mei hokker partijen neffens him it bêste fierder praat wurde kin.