Lykspul foar Feanster froulju yn kampioenspûl

© www.orange-pictures.nl
De fuotbalsters fan SC Hearrenfean hawwe yn harren earste wedstriid yn de kampioenspûl in punt pakt. Op besite by PEC Zwolle like Hearrenfean te ferliezen, mar djip in blessueretiid makke Fenna Kalma de 2-2.
De Feanster froulju kamen betiid yn de wedstriid noch op foarsprong. Fenna Kalma koppe de 0-1 tsjin de touwen op oanjaan fan Tiny Hoekstra. Dêrnei wienen de bêste kânsen foar de thúsploech en flak foar it skoft makke Babiche Roof de lykmakker.
Healweis de twadde helte soarge Abby Holmes mei in kopbal foar de 2-1. Hearrenfean sette alles op alles, mar Hoekstra hie it fizier net op skerp. Dêrom like it 2-1 te bliuwen. Troch in rake frije traap fan Fenna Kalma hâldt Hearrenfean dochs noch in punt oer oan de earste wedstriid yn de kampioenspûl.
Kampioenspûl
De kampioenspûl bestiet út de fiif bêste ploegen fan de reguliere kompetysje. De punten dy't dy ploegen helle hienen, binne troch de helte gien. In wike lyn soe Hearrenfean al har earste wedstriid spylje, mar it thúsduel tsjin PSV waard doe ôfsein fanwege it minne fjild. Dy wedstriid wurdt no tiisdei ynhelle.