Tristan Bangma pakt brûnzen medalje op WK yn Rio

Tristan Bangma © Omrop Fryslân, Andor Faber
Tristan Bangma fan Donkerbroek hat freed op it WK parabaanhurdfytsen yn Rio de Janeiro in brûnzen medalje wûn op de 4 kilometer yndividuele efterfolging.
Mei syn piloat Patrick Bos ried Bangma earder op de dei de tredde tiid yn de kwalifikaasje. Dêrmei pleatste it duo him foar de striid om it brûns. Dêryn wienen se te fluch foar it Spaanske duo Adolfo Bellido en Noel Martín.
Bangma komt sneon en snein wer yn aksje yn Rio de Janeiro.