FIDEO: Muzikaal earbetoan oan Doede Bleeker yn Noardewyn

23 mrt 2018 - 21:17

Freed wie yn Aldehaske de útfeart fan trûbadoer Doede Bleeker. Dêr spile muzikant Ad Vanderveen it nûmer Bigger picture, dat er letter dy dei by Noardewyn nochris hearre liet. "Het kwam vanuit het hart. Het is zoals het is, een gitaartje en een stem", sei Vanderveen. "Zoals Doede het ook deed." Presintator Willem de Vries krige der pikefel en in trientsje fan.

De sjongende fiskhanneler Doede Bleeker fan Starum ferstoar ôfrûne snein op 65-jierrige leeftiid. Hy begûn yn 1984 mei it skriuwen fan gedichten, ferhalen en ferskes, nei't er wurkleas rekke wie. Hy doarde se yn it begjin net te sjongen, mar nei in strjitoptreden yn Snits krige er der wat mear fertrouwen yn. Uteinlik koe er syn útkearing opsizze en begjinne as selsstannich sjonger en fiskhanneler. Dit hat er syn libben lang dien.

(advertinsje)