Farseizoen wike earder fanwege betide peaskedagen

Wettersport © ANP
De wettersporters dy't der nocht oan hawwe kinne fan sneon ôf it wetter op. It farseizoen begjint tradisjoneel op 1 april, mar omdat de Peaske dit jier betiid falt wurde de brêgen en slûzen dit jier al fan sneon 24 maart ôf betsjinne. It foardiel dêrfan is dat toeristen út binnen- en bûtenlân sa de kâns krije om al yn de peaskefakânsje de Fryske marren op te sykjen.
De wachttiden foar de brêgen wurde neffens de provinsje hieltyd koarter. De brêgen wurde hieltyd mear sintraal fanút it Swettehûs yn Ljouwert betsjinne. En de brêgen dy't op ôfstân betsjinne wurde, geane yn it skoft dan ek gewoan iepen. De brêgewippers wurkje op ien lokaasje mei-inoar gear en kinne inoar efter it skerm ferfange.