Grutte ferbouwing basisskoalle yn krimpgebiet is klear

23 mrt 2018 - 20:01

De Ferwerter basisskoalle Op Streek is folslein renovearre. Freed wie de offisjele weriepening fan de skoalle, mei alle minsken dy't oan de ferbouwing meiholpen hawwe. De skoalle wie al jierren oan renovaasje ta en ôfrûne simmer wie it lang om let safier.

Op de skoalle sitte hûndert bern. Foar in skoalle yn in krimpregio docht Op Streek it dus goed. Direkteur Jaap Wieb Eelkema is dan ek net benaud dat de grutte ferbouwing foar neat is. "We hawwe wol in bytsje lêst fan krimp. Mei de ferbouwing hiene we ek in pear lokalen slope kind, mar dat hawwe we mei sin net dien. Yn plak dêrfan hawwe we de berne-opfang in plak jûn yn de skoalle."

(advertinsje)