Krityske noaten op feestlike iepening dbieb yn Blokhúspoarte

23 mrt 2018 - 19:40

Arnoud Boon fan ûntwikkelder BOEi hat freedtemiddei symboalysk de kaaien fan de Blokhúspoarte oerhandige oan de hierders fan it gebou. De offisjele iepening fan de bibleteek, dbieb, wie freed foar gasten.

Krityk FNP

Ien fan dy gasten wie de FNP-fraksjefoarsitter yn Ljouwert, Jan-Willem Tuninga. Hy woe der hast prinsipieel net nei ta: "Dat hat neat mei de bibleteek te krijen. Dat is prachtich moai wurden. Mar der is in hiel grut jildtekoart en de transparansje dêromhinne, dêr hat it mei te krijen." Tiisdei wol BOEi mei de Ljouwerter ried prate, mar dêr wol de FNP net by wêze: "De ynformaasje dy't wy fan it kolleezje krigen ha, wie fierstente let. Dyselde jûn ha we sein dat it gebeurd wêze moast mei de sletten gearkomsten. Dêr soe ferbettering yn komme. Mar fjouwer dagen letter krije we in útnûging fan BOEi en dy besprekking is wer yn de beslettenheid."

Bedjert it feest net

Wethâlder Sjoerd Feitsma is hiel tefreden: "De bibleteek is klear en iederien is wolkom." De tekoarten en it feit dat noch net alles ôf is, bedjert it feest net. "Ik bin der ûntsettend grutsk op dat we dizze bibleteek yn it sintrum fan Ljouwert hawwe."

(advertinsje)