Michel Vlap langer by seleksje Jong Oranje

23 mrt 2018 - 18:08

Jong Oranje-bûnscoach Art Langeler hâldt Michel Vlap fan Snits in pear dagen langer by de seleksje. De spiler fan sc Hearrenfean sit sadwaande ek by de ploech wannear't se de EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Andorra spylje.

Vlap debutearre tongersdei by Jong Oranje yn de oefenwedstriid tsjin Jong België (4-1 ferlies). Dêrnei soe er oanslute by de seleksje fan Oranje ûnder de 20, mar de bûnscoach hat him dus graach wat langer by Jong Oranje. PEC Zwolle-spiler Philippe Sandler hie him nammentlik ôfmeld.

De útwedstriid tsjin Jong Andorra is takom tiisdei.

(advertinsje)