Parserjochter: "Een helder motief was er niet"

23 mrt 2018 - 17:29

"Deze man was volledig ontoerekeningsvatbaar toen hij het deed", seit parserjochter Jeff Biesma oer de 32-jierrige man dy't yn juny yn Ljouwert syn mem deastuts en syn heit libbensgefaarlik ferwûne. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust: "Hy hat psychiatryske oandwaningen: skizofreny en selsoerskatting."

De man krige fan de rjochtbank tbs mei twangferpleging oplein en giet dus net de finzenis yn. "Straffen leggen we alleen op als er echt een verwijt kan worden gemaakt, dat is hierbij heel lastig."

Gjin helder motyf

Biesma: "Misschien dat er in zijn verwardheid een bepaalde gedachte was om dit te doen, maar een helder motief was er niet. Er was ook geen vooropgezet plan."

Faak gebeurt it net dat allinnich tbs oplein wurdt. "Meestal kan iemand nog wel íets verweten worden", seit Biesma. "In dit geval was dat niet zo. Hij was helemaal in de war."

Lang yn de klinyk

It betsjut net dat de man samar wer op strjitte stiet. "Sokke minsken sitte faak lang yn de klinyk", fertelt Zeldenrust. Biesma: "Vanwege die ontoerekeningsvatbaarheid heeft hij een lange behandeling nodig. Dat kan iedere twee jaar verlengd worden. Dus dat kan heel lang duren, want hij heeft veel hulp nodig."

(advertinsje)