"Ja, ik wol" seit GL-listlûker Veenstra tsjin har man en...

23 mrt 2018 - 17:26

It nagelnije riedslid Tjitske Veenstra fan Achtkarspelen belibbet in bysûndere wike. De listlûker fan GrienLinks ferovere ôfrûne woansdei in sit yn de gemeenteried, mar koe freed net oanwêzich wêze by de offisjele gearkomste dêr't riedsleden de formulieren ynleverje dy't nedich binne om riedslid wurde te kinnen, de saneamde betrouwensbrieven. Tjitske Veenstra hie dêr in bysûndere reden foar, want it riedslid troude freed. 

Wieke de Boer-Hamstra fan it haadstimburo en riedsgriffier Jellie van Hoppe giene freed by Tjitske Veenstra op besite om sa de ferplichte hantekening te sammeljen.  

(advertinsje)