Earste ljipaaien fan Ljouwert en Tytsjerksteradiel fûn

Ljipaai © Omrop Fryslân
Rutger van der Meer (39) fan Raerd hat freedtemoarn om healwei njoggenen it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert fûn. Van der Meer seach it aaike lizzen yn in stik greide tusken Grou en Jirnsum. Hy mei kommende wike nei it gemeentehûs yn Ljouwert. Boargemaster Crone sil him dêr ûntfange him om him te lokwinksjen en de oarkonde te oerlangjen.
It earste ljipaai fan Tytsjerksteradiel waard freedtemiddei fûn troch Rinze van der Ploeg fan Koatstertille. Dat barde om 14.40 oere by Skûlenboarch. Sneontemiddei om 17.00 oere is der in lytse seremoanje oan de râne fan de greide om Van der Ploeg yn it sintsje te setten.