Norbruis pakt twadde gouden WK-medalje yn Rio de Janeiro

© Omrop Fryslân
Alyda Norbruis fan Oerterp hat freedtemiddei har twadde gouden medalje pakt op it wrâldkampioenskip parahurdfytsen op de baan. Tongersdei wie se de fluchste op de 3 kilometer en freed helle se yn Rio de Janeiro it goud op de tiidrit fan 500 meter.
De tiid fan 39.886 wie har twad bêste tiid oait en it wie al de njoggende gouden WK-medalje foar Norbruis. Se komt yn Rio de Janeiro noch op ien oare ôfstân yn aksje.
Ek foar Tristan Bangma is it WK parahurdfytsen op de baan begûn. Hy striidt freedtejûn foar it brûns en komt sneon en snein ek noch yn aksje.