Nije oanpak foar natueropjefte Fryslân nedich

23 mrt 2018 - 16:50

Der is in nije oanpak foar de natueropjefte fan Fryslân nedich. As it belied net wizige wurdt, driget der in tekoart fan € 56 miljoen yn de perioade fan 2014 oant en mei 2027 te ûntstean. Dat hat buro BMC berekkene. Deputearre Steaten lizze yn july in tal senario's oan Provinsjale Steaten foar. Oant dy tiid binne wurdt it oankeapjen fan grûn foar natuer foar in part 'on hold' te setten.

"Wy wolle Provinsjale Steaten net konfrontearje mei in útmakke saak", seit deputearre Johannes Kramer. "Ofspraken dy't al mei grûneigeners makke binne, komme wy nei. Ek grûnoankeapen foar de Ramtrjochtline Wetter en in part fan Natura 2000 kinne gewoan trochgean. Ynternasjonale doelen fiere wy yn elk senario út."

Senario's

Der is gjin akút finansjeel probleem. Der is lykwols in nije oanpak nedich, om foar te kommen dat der in finansjeel probleem ûntstiet. Buro BMC hat in tal hantrekkens dien om tekoarten foar te kommen. Dy hantrekkens wurde yn ferskate senario's útwurke; fan maksimaal oant minimaal útfieren fan de natueropjefte. Der binne senario's dy't binnen it beskikbere budzjet bliuwe, mar ek senario's dêr't it besteande budzjet net tarikkend foar is. Dêrneist hawwe terreinbehearende organisaasjes en de Friese Milieufederatie in alternatyf senario oandroegen. "Wy fine it wichtich om dy oanpak yn 'e mande mei de yntsjinners fierder út te wurkjen en finansjeel troch te rekkenjen," neffens Kramer.

Deputearre Steaten lizze alle útwurke senario's yn july oan Provinsjale Steaten foar. Nei't sy in beslút nommen hawwe, wurdt mei gebietskommisjes en oare oanbelangjende partijen besjoen wat der dien wurde moat en kin. It giet dêrby benammen om de grutte gebietsynrjochtingsprojekten Achtkarspelen-Súd, Alde Feanen, Beekdal Linde en Koningsdiep.

Natueropjefte

De natueropjefte hâldt ûnder oare it oanwinnen, de ynrjochting en it behear fan it Natuur Netwerk Nederland yn. Mar ek ferbettermaatregels foar de natuer yn de Natura 2000-gebieten en it behearen fan natuer op boerelân.

Trefwurden: 
natueropjefte Natura 2000
(advertinsje)