"Meitsje steandemêstroute foar de Ofslútdyk"

23 mrt 2018 - 15:53

"Meitsje gewoan in grutte hege brêge yn de Ofslútdyk oer de slûs hinne, dan hoecht dat ding nea wer iepen en kin der ek net heakjen bliuwe." Dit simpele, mar effektive advys kaam spontaan fan de Ljouwerter freedsmerk.

"As se dat hjir foar de steandemêstroute foarinoar krije, moat soks yn de Ofslútdyk dochs ek kinne?" No giet it noch geregeld mis. Ek fan 'e wike wie der foar de safolste kear in steuring, mei grutte fertragings foar it ferkear as gefolch. Neffens planning wurde de brêgen pas yn 2050 folslein fernijd.

Om't oar wurk oan de dyk goedkeaper útpakt, lobbyt it CDA der no foar om de brêgen earder te ferfangen. "As ik nei Schiphol moat, nim ik it risiko net. Dan gean ik troch de polder", wie in faak hearde opmerking. "Skandalich dat der pas oer 32 jier in definitive oplossing komt!", rôp immen. In oar stelde skerp: "Tsja, dan docht my de holle net mear sear."

Trefwurden: 
freedsmerk Ofslútdyk
(advertinsje)