Willem Schoorstra skriuwt it Fryske Kadoboek 2019

23 mrt 2018 - 15:20

Op fersyk fan Boeken fan Fryslân skriuwt Willem Schoorstra it Fryske Kadoboek 2019. Schoorstra (1959) krige yn 2005 de Fedde Schurerpriis foar Swarte Ingels. Neist it skriuwen fan romans, hâldt Schoorstra him dwaande mei senario's, radiokollums by Omrop Fryslân en essays.

Letter dit jier wurdt it iepenloftspul Rêdbâd yn de teätertún fan Broeksterwâld opfierd. Dat is basearre op Schoorstras roman Rêdbâd - kronyk fan in kening. Fan dat boek ferskynt yn 't foarjier in Nederlânske oersetting en in werprintinge fan de Fryske ferzje.

De nacht fan Mare

Bekende boeken fan Willem Schoorstra binne syn romans Swarte Ingels (2004), Rêdbâd (2011) en Pier, de profesij fan bline Simen (2015). Meast resint ferskynde fan him de roman De nacht fan Mare (2017). Op dit stuit wurket er oan in oersetting fan de ferneamde Poëtyske Edda en oan in nij boek, in psychologyske thriller. It wurk fan Willem Schoorstra ferskynt by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal.

(advertinsje)