MCL blaast 'termtunnel' op yn ramt fan termkankermoanne

24 mrt 2018 - 07:05

Yn it MCL yn Ljouwert stiet in libbensgrutte opblaasterm yn de hal. It sikehûs jout dit wykein ekstra omtinken oan termkanker. De term liket op in tunnel dêr't minsken trochhinne rinne kinne. Sy komme dan yn dy tunnel ferskate darmôfwikingen tsjin. Sa sjogge se hoe't polipen derútsjogge en ûntstekkingen.

Sietske Corporaal is dokter op de ôfdieling mage-, term en leversykten en fertelt oer de polyp: "Je hawwe faak net yn de gaten dat je in polyp hawwe. Allinne wannear't er grut wurdt kin der wat bloed útkomme", fertelt se. Dochs is it wichtich om der op tiid by te wêzen. Hoe't je der dan efter komme kinne? "Minsken moatte foaral meidwaan oan it befolkingsûndersyk", seit Corporaal.

De moanne maart is ynternasjonaal útroppen ta termkankermoanne. Minsken dy't nijsgjirrich binne nei hoe't de term der fan binnen útsjocht, kinne noch it hiele wykein yn it MCL terjochte.

Trefwurden: 
termtunnel MCL
(advertinsje)