Tbs mei twangferpleging foar Ljouwerter dy't mem deastuts

23 mrt 2018 - 13:37

De 32-jierrige man dy't yn juny ferline jier oan de Bereklauw yn Ljouwert syn mem deastuts en syn heit libbensgefaarlik ferwûne hat, hat freed yn de rjochtbank tbs mei twangferpleging oplein krigen. De rjochter feroardiele de Ljouwerter foar deaslach en it besykjen dêrfan.

De rjochter is it mei saakkundigen iens dat de Ljouwerter ûntarekkenber is. Dêrtroch is de man net strafber en wurdt er ûntslein fan alle rjochtsferfolging. De rjochter achtet de kâns op herhelling grut, wannear't de man net behannele wurde soe.

De man liedt oan psychiatryske oandwaningen, wêrûnder skizofreny en selsoerskatting. De man wol net behannele wurde en nimt ek gjin medikaasje.

Trefwurden: 
TBS
(advertinsje)
(advertinsje)