CSG Comenius kriget te folle oanmeldingen en moat lotsje

23 mrt 2018 - 12:43

Der binne safolle oanmeldingen fan learlingen ynkommen by it CSG Comenius, dat der lotte wurde moat. Neffens de kristlike skoalmienskip út Ljouwert binne der yn it 25-jierrich bestean noch nea safolle skoalbern ynskreaun.

It oantal oanmeldingen groeide ferline jier al bot. De skoalle kundige doe in learlingestop oan. Dy stop jildt foar sawol de nije skoalle @Forum as foar de lokaasje Mariënburg. Foar @Forum binne no santjin learlingen útlotte. Yn oerlis mei âlders en de útlotte learlingen sels wurdt nei in alternatyf socht.

De learlingen dy't harren oanmeld hawwe foar havo en ateneum kinne krekt allegear pleatst wurde. It oantal oanmelde learlingen foar vmbo-basis en -kader is mear as ferdûbele. Dat is opfallend, omdat lanlik dy oanmeldingen yn oantallen weromrinne.

Trefwurden: 
CSG Comenius lotting
(advertinsje)