Hoe komst yn Akkrum sûnder de A7 te pakken?

23 mrt 2018 - 16:07

It moaie Akkrum wol dat Sinteklaas syn lanlik feestje by harren yn it doarp hâldt. Dat it boatsje dêr oankomme kin is gjin probleem, mar wat no asto sels ek nei de yntocht wolst? Hoe komsto yn Akkrum sûnder oer de A7 te gean? Wy hawwe ferskate opsjes op in rychje set:

Troch de provinsje!

Reistiid: 3 oerkes
Yn Fryslân binne in soad moaie doarpkes en faak sjochst dy net wannear'tst oer de grutte wei giest. Dus wy geane der by De Lemmer ôf, ride troch Súdwest-Fryslân en pakke wat moaie doarpkes mei, lykas Balk, Koudum, Workum, Aldegea en Heech. Op dizze manier krijst noch wat fan Fryslân mei en kinst gewoan de auto pakke.

Te foet!

Reistiid: 22 oerkes
Wat is der no geselliger as in kuiertocht? No't de Slachtemaraton net trochgiet, kinst dochs noch in moaie tocht meitsje. Boppedat is it ek noch sa datst op in pontsje moatst, dus wa wit... komst Sinteklaas ek noch tsjin!

Op de redens (of te swimmen)

Reistiid: Leit oan de waarfoarsizzings
Wannear't it waar in kear meisit of wannear't it gewoan ris 'oangiet', kinne wy de redens pakke! No is novimber wol hiel betiid foar iis, mar wa wit komt it Russyske bearke wat earder as maart. Dan wol ik de koarte broek oandwaan en net myn termo-onesie. Pak gewoan de kuierrûte, mar slach dan de fearboat oer en pak de redens of swim wannear't der gjin iis leit.

Der binne ek noch oare alternativen, lykas in wykje fakânsje fiere yn Fryslân of de yntocht op telefyzje sjen.

Trefwurden: 
A7 Sinteklaas
(advertinsje)