Nei 35 jier stekker út Seksje Edukaasje Frjentsjerteradiel

23 mrt 2018 - 12:00

De Seksje Edukaasje Frjentsjerteradiel hâldt mei yngong fan 1 maaie op te bestean. De seksje hat dan 35 jier bestien. It hie as doel de befoardering fan de Fryske taal en kultuer yn de gemeente Frjentsjerteradiel, mar dêr is no hieltyd minder belangstelling foar.

No't Frjentsjerteradiel opgien is yn de nije gemeente Waadhoeke is it neffens de organisaasje logysk om der no mei op te hâlden. De aktiviteiten bestiene ûnder oare út in ienakterfestival foar amateurtoanielferieningen, toanielfoarstellingen op skoallen en in foardrachtkriich foar bern.

(advertinsje)