Stânbyld Us Mem weidet tenei yn krûderyk gersfjild

Rûnom it ferneamde stânbyld fan Us Mem yn Ljouwert is freed sied yn de grûn stoppe. It sied moat derfoar soargje dat it symboal fan agrarysk Fryslân yn krûderyk gers komt te stean. Dat waard dien troch wethâlder Herwil van Gelder fan Ljouwert, deputearre Johannes Kramer en biologysk boer Johannes Kooistra fan Warstiens.
De aksje is bedoeld om it belang dúdlik te meitsjen fan in grutter ferskaat oan ynsekten, fûgels en bisten yn sawol de stêd as de greiden dêr bûten. Der is op it stuit in beweging nei in mear natuerynklusive lânbou. Soks kin wichtich wêze foar bygelyks greidefûgels. De fraach is wol oft dat fluch genôch bart.
Boeren moatte neffens Kramer lykwols wol rom de tiid krije om dy omskeakeling mooglik te meitsjen. Hy neamde dêrby in termyn fan tsien jier.