Update: Akkrum wol yntocht Sinteklaas organisearje

23 mrt 2018 - 10:52

Akkrum wol dit jier de lanlike yntocht fan Sinteklaas organisearje. Pleatslik Belang en ûndernimmers út it doarp fine dat de tradysje bestean bliuwe moat en wolle dêr graach oan meiwurkje, sa skriuwt foarsitter Hans Anker fan de stifting Akkrum/Nes Centraal oan omroporganisaasje NTR.

De NTR hat oan de belle lutsen by alle boargemasters yn Nederlân, omdat oant no ta noch net ien gemeente him melden hat om de lanlike yntocht te organisearjen. Nei alle gedachten skrikke gemeenten werom foar alle tastannen der omhinne, fanwege de swarte pitediskusje. Akkrum wol dêr oer om de tafel mei de gemeente Hearrenfean. In doarp kin likegoed as in stêd soks organisearje, sizze se.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan lit yn in earste reaksje wite dat er 'ûnder de yndruk is' fan it entûsjasme en de ûndernimmingslist yn it doarp Akkrum. Mar Van der Zwan sjocht ek wol de nedige problemen. Yn it Kulturele Haadstêdjier binne der yn Fryslân al safolle grutte eveneminten, dat er de helptsjinsten net beleste wol mei in lanlike yntocht fan Sinteklaas. "Ik vind het op zich een mooi idee, maar niet voor 2018. Fryslân had vorig jaar de landelijke intocht ook al, nu is een andere provincie aan de beurt." 

Trefwurden: 
Sinteklaas Akkrum
(advertinsje)