Plysje hâldt frou oan nei mishanneling yn Wytgaard

23 mrt 2018 - 10:28

De plysje hat tongersdeitenacht in 52-jierrige frou oanholden foar mishanneling. Om healwei fjouweren hinne krige de plysje in melding dat der ien mishannele waard oan de Meekeshôf yn Wytgaard. Dat hat nei alle gedachten te krijen hân mei oanhâldende lûdsoerlêst.

De plysje hat yntusken in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
plysje mishanneling
(advertinsje)