Hjalmar fynt earste 'jeugdljipaai' en kriget Sulveren Polske

De 10-jierrige Hjalmar Dijkstra fan Sint-Anne hat tongersdeitemiddei ûnder de jongere aaisikers it earste ljipaai fûn. Hjalmar seach it aai yn in stik lân by Slikenboarch lizzen. Freed kriget er út hannen fan deputearre Johannes Kramer it Sulveren Polske, in priis fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW).
It BFVW wol sa de belangstelling foar de greidefûgels by jongerein stimulearje.