Kollum: "Selfie"

23 mrt 2018 - 09:04

"Ik helle fannewike ús jongste út skoalle en wie in bytsje te betiid. Ik bleau yn 'e auto sitten en doe kaam der in famke oan dat ek wachtsje moast. It wie in kreas famke fan in jier of 16 mei lang donkerbrún hier. Al har klean wiene swart, mar se seach der leuk út en wie ek waarm oanklaaid. As ik bytiden wolris sjoch hoe't guon famkes der mei dit kâlde waar by rinne dan griist it my oan.

Se hie make-up op, mar net tefolle en se seach wat ôfwêzich foar har út. Dat kinne dy pubers sa goed... se binne der wol, mar eins ek net. Wêr't se dan al binne, bliuwt altyd wat dizich mar dit wie wol fermaaklik om te sjen. Der rûn wolris immen by har del mar se seach net op of om omdat se de telefoan yn 'e hannen hie.

Op in bepaald momint makke se in pear selfies. En dan net sa oerdreaun mei de telefoan in ein de loft yn wylst der in duckface lutsen wurdt. Nee, se die it eins bêst wol beskieden sadat it my earst net iens opfallen wie mar doe't ik it opmurk, ha ik dat mei aardichheid observearre. Ik koe ek hast net oars want se stie lyk foar myn auto mar dat makke har skynber neat út.

Se hie de telefoan op boarsthichte dus se seach wat nei ûnderen en wylst se it lange hier nonsjalant oer it skouder goaide, makke se in foto. Dat die se in pear kear en se hat net ien kear lake. Se hie wolris de rêch fan de hân ûnder it kin of it hier moast wer krekt efkes oars mar se seach hiel serieus mei in prúllipke. En wylst se dêr sa dwaande wie, skynde de foarjierssinne in gouden gloed oer har hier.

It wie in bysûnder tafriel, se like hast wol in libben skilderij. Se wie sa mei harsels dwaande en ik frege my ôf nei wa't se dy foto's stjoere soe. Ik frege my ek ôf wat ik dien hie as ik eartiids in telefoan hân hie. Ik ha neat mei selfies mar miskien hie ik dy dan ek wol makke. Dochs bin ik bliid dat ik grut wurden bin sûnder sa'n ding en hjoeddeis soene je hast wol sizze dat soks in wûnder is.

Ik gong nei skoalle, nei it sporten, op stap en op fakânsje en dat allegear sûnder in mobile telefoan. Wy appten net, mar stiene mei elkoar op de brêge te praten. De ferkearing koe op syn heechst in echte foto krije, mar eins barde dat noait en as je elkoar sjen woene, moasten je wat ôfprate. En doe't ik dêr sa oer neitocht, fielde ik my hast in dinosaurus. Wy bellen eins ek net mei-inoar en dochs fyn ik dat ik in prachtige jeugd hân ha. Wy praten op skoalle wat ôf of gongen it doarp yn en dan seagen wy wol wa't bûten wie. Hiel aventoerlik, eins en wat ek wol moai wie, is dat der mear privacy wie.

Hoegdest net gau bang te wêzen dat immen stikem in foto fan dy makke yn 'e sauna, sliepkeamer of klaaihokje en kameratasicht wie der ek amper. Ik kin my noch wol heuge dat wy ús earste kompjûter krigen mar dêr koest allinnich mar spultsjes as Pacman en Bomber op dwaan. Fierder wie de wrâld gewoan om ús hinne, wylst foar in hiele soad minsken de wrâld him no ôfspilet op in skerm. En dat fyn ik sa skande, ek foar it famke fan de selfies... al hoe kreas se ek wie."

(advertinsje)