Omrop TIP: Christiaan Kuitwaard, avonturier achter hûs

24 mrt 2018 - 08:22

Suver flústerjend fertelt Christiaan Kuitwaard yn tekeningen en skilderijen oer syn leafde foar de gewoane dingen om ús hinne. Kopke, stoel, takke, skaad, see. En dan benammen de stilte dy't deryn skûlet.

Ienfâld, ferwûndering en konsintraasje binne begripen dy't alles mei keunstner Christiaan en syn wurk te krijen hat. Neffens him is oeral wol in skilderij fan te meitsjen. Oft it no om in deade takke, in banaan of in plankje giet: alles lient him wol foar it meitsjen fan in goed skilderij.

Museum Belvédère folget Kuitwaard syn artistike ûntwikkeling op de foet en ek lanlik begjint de keunstskilder troch te brekken. De Fryslân DOK dokumintêre 'Christiaan Kuitwaard, avonturier achter hûs' sketst in portret fan in keunstner dy't al jierren in foaroansteande rol yn de Fryske skilderkeunst spilet. 

De Fryslân DOK dokumintêre 'Christiaan Kuitwaard, avonturier achter hûs' is op snein 25 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)