Mingde gefoelens oer sânwinning yn de Iselmar by Aldemardum

Mingde gefoelens yn de Súdwesthoeke oer it winnen fan sân yn de Iselmar. De ien seit dat it goed is foar de ekonomy yn de regio, de oare is benaud foar skea oan de natoer en de hoarizon.
By Aldemardum
Der lizze plannen om fan 2019 ôf sa'n fiif kilometer út de kust by Aldemardum sân út de mar te heljen. Dat wurdt oant in djipte fan 60 meter dien yn in gebiet fan 250 bunder.
30 jier
It sân wurdt brûkt foar de produksje fan beton. It sânwinningsbedriuw Royal Smalls wol in fergunning foar de kommende 30 jier. Yn dy perioade kin der twa miljoen ton yn it jier wûn wurde. By de winput komt in wurkeilân mei in ynstallaasje dy't it sân geskikt meitsje kin foar de betonyndustry.
Ynformaasjegearkomste
Tongersdei wie der in ynformaasjegearkomste foar de ynwenners fan Aldemardum en omkriten. Benammen Iselmarfiskers stelle grutte fraachtekens by it projekt, dat neffens harren neidielige gefolgen foar de natoer ha sil.