Saak tsjin frou fan Van Seggeren takom wike yn it iepenbier

© De Vries Media
De rjochtbank yn Ljouwert behannelet takom wike woansdei foar it earst yn it iepenbier de strafsaak tsjin de 33-jierrige frou fan Tjeerd van Seggeren. De frou wurdt fertocht fan belutsenens by de dea fan har man.
De saak sil noch net ynhâldlik behannele wurde. It ûndersyk is noch geande. De rjochtbank beslút wol oft de frou noch langer yn foararrest sitten bliuwe moat of net.
Tjeerd van Seggeren is yn de nacht fan 8 op 9 july troch geweld om it libben brocht yn de greide tichtby in festival yn De Westereen. Syn frou is yn desimber oanhâlden, mar ûntkent alle belutsenens.