Grut tekoart oan frachtweinsjauffeurs

22 mrt 2018 - 22:45

Der is in grut tekoart oan frachtweinsjauffeurs. Transportbedriuwen kinne hast gjin nije minsken mear yn de kabine krije. Frachten kinne aanst net mear levere wurde en frachtauto's komme stil te stean as der net gau wat feroaret.

Transporteurs lykas Portena op It Hearrenfean sette pensjonearre sjauffeurs en studinten yn, dy't sûnder frachtweinrydbewiis op lytsere auto's ride meie.

Boppedat set ynkoarten in kampanje útein om minsken waarm te krijen om achter it stjoer fan in frachtwein te stappen. By útstjoerbedriuw Werff Talent op It Hearrenfean, dat spesjalisearre is yn de transportsektor, hawwe se it smoardrok. Se wurde platbelle troch ûndernimmers dy't driuwend ferlet ha fan sjauffeurs. Om dy te finen, is Werff Talent faker iepen, tenei ek op tongersdeitejûn en sneontemoarn. Ek sil in spesjale sjauffeurscoach oan de slach om minsken op wei te helpen nei in baan yn de frachtweinkabine.

(advertinsje)