Alyda Norbruis wint goud op WK yn Rio de Janeiro

© twitter @ParacyclingNL
Alyda Norbruis fan Oerterp hat tongersdei op it WK parabaanhurdfytsen yn Rio de Janeiro goud wûn op 3 km efterfolging. Se ried in tiid fan 4.11.913 en wie dêrmei yn de finale te fluch foar de Sinese Zeng Sini.
It is de tredde kear dat Norbruis op dizze dissipline goud wint. Ek yn 2014 en 2015 pakte se al de titel. Twa jier lyn waard se op de Paralympyske Spelen yn itselde Rio de Janeiro tredde.