FIDEO: Efter de skermen by treinfertragingen

24 mrt 2018 - 18:03

In trein dy't net rydt; in grutte frustraasje foar de reizger. Mar wat bart der yn sa'n situaasje efter de skermen?

Eltsenien is dan drok oan it wurk om alles op te lossen. Sa moatte de ekstra toerbussen foar de reizgers oeral en nearne wei komme. Arriva hat allinnich yn Fryslân al kontakt mei fjirtich ferskillende busbedriuwen dy't se helpe kin wannear't in trein útfalt. Dat komt om't de bussjauffeurs faak noch gewoan thússitte of just mei de bus op in hiel oar plak steane.

Planning omsmite

Dêrneist moatte ek de treinmasinisten sa gau as mooglik op it plak fan bestimming komme, om harren folgjende treinreis te meitsjen. Wannear't in masinist yn Snits stilstiet rjochting Ljouwert, kin dyjinge somtiden net op tiid wêze foar syn of har tsjinst nei Grins ta. Dan moat in oare masinist syn tsjinst oernimme, wêrtroch't wer in oar de tsjinst fan dy persoan oernimme moat. Sa kin der troch ien steuring in hiel soad omsmiten wurde moatte yn de planning.

(advertinsje)