Wêrom stimde Noard-Nederlân massaal tsjin de sleepwet?

22 mrt 2018 - 21:36

Sjoch nei de kaart fan Nederlân mei de útslach fan de sleepwet foar elke gemeente en hast it folsleine Noarden kleuret read. Yn Fryslân wienen allinnich De Fryske Marren, Weststellingwerf, Skylge en It Amelân foar de wet, de oare sechstjin gemeenten stimden tsjin. Yn Grinslân wienen sels alle gemeenten tsjin de sleepwet, dy't offisjeel de Wet op de inlichtingen- en veiligheidsdiensten hjit. Mar hoe komt dat no?

Net oeral ferkiezingen

"De mensen die gaan stemmen, zijn vaak mensen die tegen de sleepwet of tegen het referendum zijn", seit Henk Fernee fan it Fries Sociaal Planbureau. "In Fryslân waren niet in alle gemeenten verkiezingen. In de gemeenten zonder verkiezingen, lag het opkomstpercentage bij het referendum ook lager." Dat soe yn it foardiel wêze fan de tsjinstim. "Het verklaart voor een deel dat in Noord-Nederland vaker tegen is gestemd."

Mar hielendal ferklearje kin Fernee it dêrmei ek net: "Ook in andere Friese gemeenten, waar wel verkiezingen waren, is ook tegengestemd. Dus kun je je afvragen: hoe kan dat dan?"

Feiligens

In mooglike ferklearring fan Fernee: "Wij in Fryslân voelen ons het meest veilig van heel Nederland. Het speelt dus minder hier. Maar in steden zie je ook veel tegenstemmen, terwijl het daar minder veilig is."

Links-rjochts

En dus, tinkt Fernee, kin it te meitsjen hawwe mei it ferskil tusken de foarkar fan links en rjochts: "In de rest van Nederland kleuren veel steden ook rood. Toen de PvdA nog een grote landelijke partij was, zag je hetzelfde beeld: de steden en Noord-Nederland stemden PvdA. Het verschil van toen tussen links en rechts zie je nu terug in het referendum", fertelt Fernee.

(advertinsje)