Hearrenfean huldiget Olympyske ynwenners

22 mrt 2018 - 21:05

De gemeente It Hearrenfean hat tongersdei har ynwenners huldige dy't yn febrewaris meidienen oan de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. It giet om fiiftjin sporters en fjouwer coaches, wêrûnder Jillert Anema, Remmelt Eldering en Henk Hospes.

Ferrassingsgast

Net eltsenien koe derby wêze. Sven Kramer en Suzanne Schulting wienen twa grutte nammen dy't ôfsizze moasten. Earst stie Ireen Wüst ek by de ôfwêzigen, mar sy wie úteinlik dochs op It Hearrenfean as ferrassing. Sy waard as lêste fan elkenien huldige.

Earepenning

De goudenmedaljewinners krigen allegear ek noch in earepenning fan de gemeente It Hearrenfean. Utsein Jorien ter Mors, want dy hie al ien.

Wa wienen der?

Net alle sporters koenen der dus by wêze, mar dizze tolve wienen der wol allegear: reedriders Carlijn Achtereekte. Jorrit Bergsma, Lotte van Beek, Anice Das, Antoinette de Jong, Jorien ter Mors, Esmee Visser, Patrick Roest, Annouk van der Weijden en Ireen Wüst en shorttrackers Daan Breeuwsma, Yara van Kerkhof, Itzhak de Laat, Dylan Hoogerwerf en Dennis Visser. Rianne de Vries en Lara van Ruijven soenen ek komme, mar sy wienen siik.

Trefwurden: 
Ireen Wüst It Hearrenfean
(advertinsje)