FIDEO: Neiprate oer de ferkiezingen en foarútsjen

22 mrt 2018 - 20:48

Nei de gemeenteferkiezingen fan woansdei wurdt it no yn fjirtjin Fryske gemeenten wer tiid om in nije koälysje te foarmjen. Yn Fryslân Hjoed praten Yntze de Vries fan de ELP yn Smellingerlân en polityk ferslachjouwers Atze Jan de Vries (Leeuwarder Courant) en Andries Bakker (Omrop Fryslân) oer wat der te gebeuren stiet. Ien ding liket yn elts gefal yn Smellingerlân al wis: dy keapsnein, dêr't sa'n soad om te dwaan west hat, komt der.

(advertinsje)