Michel Vlap debutearret mei ferlies by Jong Oranje

© www.orange-pictures.nl
Michel Vlap fan Snits hat yn syn earste wedstriid foar Jong Oranje mei 4-1 fan Jong België ferlern. De spiler fan SC Hearrenfean foel by it skoft fan it oefenduel yn. Syn teamgenoaten Denzel Dumfries en Pelle van Amersfoort spilen de earste helte mei.
Yn Doetinchem kaam Jong België al betiid op 0-1. NEC-spiler Arnaut Groeneveld makke yn de twadde helte de 1-1 foar Jong Oranje, mar de Belgen skoarden dêrnei noch trije kear.